De Aostadelling (Italjaansk: Valle d'Aosta of Val d'Aosta; Frânsk: Vallée d'Aoste), is in bercheftige autonome regio yn noardwestlik Itaalje, oprjochte yn 1945. It is de lytste regio fan it lân, dy't yn it westen grinzet oan Frankryk, yn it noarden oan Switserlân en yn it suden oan 'e regio Piëmont.
Geografie
De Aostadelling beslacht 3.263 km² en de haadstêd is Aosta. De regio omfettet, sa't de namme al seit, de delling fan Aosta, feitliks de delling fan 'e rivier de Dora Baltea, dat in sydrivier fan 'e Po is. Ferskate syddellings hearre ek ta de regio.
Begrinzing
Yn it noarden wurdt de Aostadelling fan it SwitserskeWallis (de delling fan 'e Rhône) skaat troch de Walliser Alpen. De Grutte Sint-Bernardpas liedt oer dizze berchrêch nei Martigny. Oare passen oer de Walliser Alpen binne allinnich rinnende begeanber. Yn it noardwesten wurdt de regio begrinzge troch it massyf fan 'e Mont Blanc, oare kant wêrfan't yn Frankryk de delling fan Chamonix leit. De Aostadelling is mei Chamonix ferbûn troch de Mont-Blanctunnel, dy't de E25 ûnder de Mont Blanc troch liedt.
De Aostadelling hat in befolking fan om-ende-by 127.000 ynwenners. Der wurde ferskate talen sprutsen: Italjaansk, Franko-Provinsaalsk en Frânsk. It Frânsk, dat mei in Italjaansk in offisjele status yn 'e regio hat, wurdt mar troch in lytse minderheid fan 4.000 minsken as memmetaal sprutsen; in folle grutter oanpart fan 'e befolking wurdt foarme troch de lju dy't fan hûs út Franko-Provinsaalsk prate: 68.000. Dat is in taal dy't healwei tusken it Frânsk en it Oksitaansk yn stiet, en dy't ek yn it Frânske Savoaye en yn súdwestlik Switserlân sprutsen wurdt.