Hy ferhuze, nei't er opholden wie mei in preesteroplieding, yn 1929 nei Amsterdam en waard redakteur fan it deiblêd De Tijd. Hy waard dêr teffens de oanfierder fan de katolike jongerein dy't him ferienige hie om it letterkundich tydskrift De Gemeenschap. Van Duinkerken waard yn dy tiid ek bekend troch syn striidskriuwerij mei Menno ter Braak oer leauwe en rede, en fan syn radikale ôfwizing fan it nasjonaalsosjalisme ('Ballade van den katholiek').
Lykas Simon Vestdijk en in tal oare foaroansteande Nederlanners dy't troch de Dútske besetter fanwegen harren ynfloed as gefaarlik beskôge waarden, waard er gizele yn it kamp Sint-Michielsgestel. Hy siet dêr yn 1942 skraachwurk acht moannen. Nei de oarloch gie er fierder mei syn letterkundige en sjoernalistyke wurk.
Faqn 1952 ôf oant syn dea wie er heechlearaar Nederlânske Letterkunde oan de Katolike Universiteit Nymwegen. De wize wêrop Van Duinkerken syn lêste sykbêd ferneare hat neffens Michel van der Plas (In de kou) op in protte minsken yndruk makke, foar in part troch syn myldens en op leauwe fûndearre optimisme en foar in part troch de ferskuorrende pine dy't er wolbewust trochstie.
Van Duinkerkens poëzy hat in tradisjonele foarm, in somtiids ferheljende, somstiids betogende, altyd ynhâldlike gedachterike styl, mei dêrûnder lizzend in sterke, waarme, soms wat mankelike gefoelstoan. Syn proaza wie faak essayistysk fan aard, mei in krêftige retoaryske styl, in sekere wiidweidigens en bûtengewoane leardens.