Anton Koolhaas wie de jongste fan in húshâlding mei fjouwer bern. Hy studearre oan de Ryksuniversiteit Utert, nei't er sels sei, enige vakken die verband konden houden met de journalistiek. As lid fan de Utertskere studinteferiening Unitas wie er befreone mei Albert Alberts en Leo Vroman. Mei dy twa rjochte er it Utertsk Studintetoaniel op. Foar en yn de Twadde Wrâldkriich wurke er tsien jier as bûtenlânredakteur by de Nieuwe Rotterdamsche Courant. Dêrnei wie er keunstredakteur fan De Groene Amsterdammer, oant er yn 1952 ta direkteur fan de Stichting Culturele Samenwerking yn Yndoneezje waard.
Koolhaas syn earste boek ferskynde yn 1956, de ferhalebondelPoging tot instinct. Koolhaas' romans gean faak oer bisten mei typysk minsklike einegskippen. De Boekewike fan 2009 wie wijd oan 'it bist yn de literatuer'. Dêrom ûntfâlde biolooch en skriuwer oer bisten Midas Dekkers op 19 maart dat jier in plakette oan Koolhaas' hûs oan it Amsterdamske Vondelpark mei in sin fan Koolhaas: 'Ik zit in alle figuren, al zijn het regenwormen'.
Kusters, Wiel (2008). Koolhaas' dieren : over de biologie van een schrijver. Vantilt, Nymwegen. 295 s. ISBN 978-946-004-001-6. Oer de libbensbeskôglike kanten fan syn bisteferhalen ensafh.