De rivier de Angara (Russysk: Ангара́) ûntspringt yn de Baikalmar en mûnet út yn de Jenisej by Strelka. De rivier is net oer de hiele langte befarber. It wetter fan de Angara befriest nea troch de streaming en it opwâljend wetter út de djipten fan de Baikalmar fan sa'n 3 gr. Celsius dat de rivier fuorret.