Roorda wie in soan fan de gerechtsscholtus Benedictus fan Velsen en Sophia fan Roorda. Hy wie yn 1669 kaptein fan de ynfantery yn it rezjiment fan Hans Willem fan Aylva. Roorda waard yn it rampjier 1672 finzennaam troch de Frânsen by Lobith. Hy boaske op 5 july 1670 yn Grou mei Nolkjen fan Heloma, dochter fan Tjaerd Michiels Heloma en Froukjen fan Teijens.[2]Carel fan Roorda, grytman fan Idaarderadiel, wie in broer fan syn mem.
Tegearre mei syn frou skonk er in sulverennachtmielskeal oan de Sint-Pitertsjerke fan Grou. De skeal hat de folgjende tekst:
Laat Andries Roorda met Vrou Nolkjen Heloma Ter Eeren van Godts Kerk dit silverwerk ons schenken Wij neemen 't danklijck aan met wensch dat Godt hier naa Haar beijder liefde plicht in liefde wil gedenken