Schelfhout heart ta de romantyk en wurdt beskôge as foarrinner fan de Haachske Skoalle. Syn wurkstyl is ynjûn troch dy fan Meindert Hobbema en Jakob fan Ruisdael. Foaral syn winterlânskippen mei reedriders wiene al by syn libben ferneamd.
Yn De Haach krige Schelfhout les fan Joannes Breckenheijmer, dy't toanieldekorateur by de Haachske Skouboarch wie. Yn 1811 die Schelfhout mei trije lytse wurken mei oan in útstalling en krige er omtinken fan it gruttere publyk.