Amerikaanske Militêre Akademy

Amerikaanske Militêre Akademy
United States Military Academy
algemiene ynformaasje
ôfkoarting USMA
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. militêre akademy
wurkmêd ofsiersoplieding foar it Am. Leger
fêstige yn West Point (New York)
off. taal Ingelsk
oprjochte 1802
oprjochter presidint Thomas Jefferson
offisjele webside
www.wespoint/edu
Dizze side giet oer West Point, de Amerikaanske Militêre Akademy. Foar oare betsjuttings, sjoch: West Point (betsjuttingsside).

De Amerikaanske Militêre Akademy (Ingelsk: United States Military Academy, USMA), better bekend as West Point of ek wol as The Point, is in Amerikaanske militêre akademy dy't de fjouwerjierrige ofsiersoplieding foar it Amerikaanske Leger (de lânmacht) fersoarget. De oare Amerikaanske kriichsmachtûnderdielen (marine, loftmacht en marinierskorps) hawwe harren eigen opliedingsynstituten. De Amerikaanske Militêre Akademy stiet op 'e westlike igge fan 'e rivier de Hudson, yn 'e steat New York, likernôch 80 km benoarden de stêd New York. De hiele, yn Normandyske styl út granyt oplutsen sintrale kampus fan 'e Akademy is sûnt 1960 in nasjonaal histoarysk monumint.

Skiednis

Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch waard yn 1778 Fort Clinton oan 'e igge fan 'e rivier de Hudson stifte, mei as doel om 'e Britten de tagong ta de bopperin fan 'e rivier te ûntsizzen. Nei't der yn 1783 frede sletten wie mei Grut-Brittanje, ûntjoech it fort him ta it sintrale arsenaal fan it Amerikaanske Leger. Fan 1794 ôf waarden de kadetten fan de artillery en de sjeny der treend. Yn it ferlingde dêrfan rjocht de Amerikaanske presidint Thomas Jefferson op 16 maart 1802 de Amerikaanske Militêre Akademy op, dêr't oankommende ofsieren fan 'e artillery, sjeny, ynfantery en kavalery harren oplieding genoaten.

De lokaasje fan 'e Amerikaanske Militêre Akademy ynde steat New York.

Yn oktober 1802 studearre de earste kadet ôf; dat wie Joseph Gardner Swift, dy't letter fan 1812 oant 1814 lieding jaan soe oan 'e Akademy. Yn 'e ûnlijige iere jierren fan 'e Amerikaanske Militêre Akademy bestiene der noch gjin regels foar de talitting fan kadetten of de doer fan 'e stúdzje. De studinten rûnen útinoar fan 10 oant 37 jier en de oplieding duorre seis moanne oant 6 jier. Under ynfloed fan 'e Oarloch fan 1812, dy't it ferlet fan goed oplate ofsieren ek yn Washington, D.C. dúdlik makke, besleat it Amerikaanske Kongres in formeel ûnderwiisstelsel foar de Akademy opstelle te litten. Kolonel Sylvanus Thayer, dy't yn 1817 oansteld waard as direkteur (superintendant), stalde it learprogramma gear sa't dat hjoed de dei noch grutdiels bestiet, en kaam dêrom bekend te stean as de 'Heit fan 'e Militêre Akademy'.

Under de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848) kaam de Amerikaanske Militêre Akademy foar it earst ynternasjonaal yn 'e belangstelling te stean, doe't ofsieren dy't oan it ynstitút ôfstudearre wiene, harsels bewiisden op in ynternasjonaal slachfjild. Under de 1850-er jierren ûndergie de Akademy in flugge modernisearring yn in tiid dy't gauris romantisearre wurdt as 'de ein fan it âlde West Point-tiidrek', doe't kadetten út Noard en Súd noch yn relative harmony mei-inoar deselde oplieding genoaten. Dêroan kaam yn 1861 mei it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch in ein. Sawol oan Noardlike as oan Súdlike kant wiene de measte ofsieren oplaat te West Point. Fan 'e ôfstudearre ofsieren tsjinnen 294 yn it Noardlike leger as generaal, wylst yn it Súdlike leger 151 âld-kadetten de rang fan generaal behellen. Fan alle libbene âld-kadetten yn 1861 sneuvelen 105, oftewol 10% yn 'e Boargeroarloch, wylst nochris 151 (15%) ferwûne rekke.

Utsjoch op West Point, yn 1831.

Nei't it Noarden yn 1865 de Boargeroarloch yn syn foardiel beslist hie, krige de Amerikaanske Militêre Akademy de drege taak om nije kadetten út it Suden wer yn it Amerikaanske Leger te yntegrearjen. De earste Suderlingen waarden yn 1868 ta de ofsiersoplieding talitten, en yn 1870 waard boppedat de earste swarte kadet talitten, in James Webster Smith, út Súd-Karolina. Dyselde krige lykwols te lijen ûnder swiere diskriminaasje en waard tige min behannele. Yn 1874 waard er ûnder kontroversjele omstannichheden nei hûs ta stjoerd. Sadwaande wie Henry O. Flipper, út Georgia, yn 1877 de earste swarte kadet dy't oan 'e Militêre Akademey ôfstudearre.

Nei de Boargeroarloch krige de Akademy ek lêst fan it ferskynsel ûntgriening, dat foar de oarloch mar amperoan foarkaam. Troch de dea fan kadet Oscar L. Booz, op 3 desimber 1900, kaam dit probleem lanlik yn 'e skynwerpers te stean. Doe't de lettere generaal Douglas MacArthur yn 1919 ta direkteur fan de Akademy beneamd waard, besocht dy de ûntgrienings út te rûgjen troch sersjants út it leger (dy't as ûnderofsieren nea in ofsiersoplieding folge hiene) it tafersjoch te jaan oer de trening fan 'e nije kadetten (dat earder troch de âlderejiers kadetten útoefene wie). Hoewol't guon foarmen fan ûntgriening noch oant fier yn 'e tweintichste iuw bestean bleaune, foelen der dêrnei nea mear deaden. Tsjintwurdich is ûntgriening te West Point strang ferbean en wurdt der hurd tsjin optreden.

Kadetten op West Point, mids njoggentjinde iuw.

Troch it ferlet fan jonge ofsieren ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch (1898) studearre de klasse fan 1899 betider ôf, en itselde barde mei de klasse fan 1901, fanwegen de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch (1899-1902). Dêrfandinne dat it tal kadetten dat tagelyk oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy studearje koe yn 1900 ferhege waard fan 250 oant 481. De klasse fan 1915 kaam letter bekend te stean as 'de klasse dêr't de stjerren op delfoelen', om't 59 fan 'e 164 ôfstudearre kadetten fan dat jier it ûnder de Twadde Wrâldoarloch ta generaal brochten. Yn 1935 waard it kadettekorps útwreide ta 1.960 man, en yn 'e 1960-er jierren folge ûnder de Fjetnamoarloch in fierdere útwreiding nei 4.400 kadetten.

Yn 1976 waarden de earste 119 froulike kadetten talitten oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy, nei't it Amerikaanske Kongres dêr it jiers tefoaren tastimming foar jûn hie. Sadwaande studearren de earste froulju yn 1980 ôf. Tsjintwurdich meitsje froulju likernôch 15% fan it kadettekorps fan West Point út. Yn 1989 wie in Kristin Baker de earste froulike kadet dy't ta 'earste kaptein' beneamd waard, de heechste funksje binnen it kadettekorps fan 'e Akademy. Sûnt hawwe noch trije oare froulju dy funksje ferfolle. Yn 2011 waarden de earste iepentlik homoseksuële en lesbyske kadetten ta de Amerikaanske Militêre Akademy talitten.

Yn 1980 studearren de earste froulike kadetten ôf.

Talitting

Yn 't earstoan waarden ta de Amerikaanske Militêre Akademy inkeld blanke manlju talitten dy't de Amerikaanske nasjonaliteit hiene. Dêrby wiene dat yn 'e regel jonges út hegere sosjale fermiddens. Tsjintwurdich binne ras (sûnt 1870), geslacht (sûnt 1976) en seksuële oriïntaasje (sûnt 2011) gjin beheining mear om talitten te wurden. Yn prinsipe moat men wol yngesetene wêze fan 'e Feriene Steaten of fan ien fan 'e Amerikaanske oerseeske gebietsdielen: Porto Riko, de Amerikaanske Famme-eilannen, Amerikaansk Samoä, Gûam of de Noardlike Marianen. Yn útsûnderlike gefallen kin dêr in mouwe oan past wurde.

Kandidaten moatte sawol in fersyk streekrjocht nei de Akademy sels stjoere, as in nominaasje ûntfangen fan in lid fan it Amerikaanske Kongres (of yn it gefal fan ynwenners fan Washington, D.C. of de oerseeske gebietsdielen, fan in waarnimmer by it Amerikaanske Kongres). Oare persoanen dy't nominaasjes dwaan meie, binne de presidint en de fise-presidint fan 'e Feriene Steaten. Ienris talitten moatte de kadetten har hâlde oan 'e earekoade fan 'e Akademy, dy't û.m. stelt dat "in kadet net lige, bedrage of stelle sil, noch dyjingen duldzje dy't dat wol dogge." It lesprogramma oan 'e Akademy rêst op trije pylders, te witten: geastlike ûntwikkeling, lichaamlike ûntwikkeling en militêr ûnderrjocht.

Loftfoto fan 'e Amerikaanske Militêre Akademy.

Ferneamde âld-learlingen

Under de likernôch 65.000 ôfstudearre kadetten fan 'e Amerikaanske Militêre Akademy binne in grut tal Amerikaanske generaals. Guon dêrfan, lykas John Bell Hood, Stonewall Jackson, Robert E. Lee, James Longstreet, J.E.B. Stuart en George Pickett, fochten yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch foar de Konfederearre Steaten fan Amearika, wylst oaren, lykas George Armstrong Custer (dy't letter yn 'e Slach oan de Little Bighorn tsjin 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen omkomme soe), George G. Meade, Philip Sheridan, Winfield Scott Hancock en William Tecumseh Sherman foar it Noarden strieden.

Oare ferneamde generaals dy't fan West Point kamen, wiene John J. Pershing, dy't de Amerikanen ûnder de Earste Wrâldoarloch oanfierde, en ferskate grutte nammen út 'e Twadde Wrâldoarloch, wêrûnder Omar Bradley, Mark Clark, Douglas MacArthur, George S. Patton en Jonathan M. Wainwright IV, dy't trije jier yn in jappekamp op 'e Filipinen trochbrocht. William Westmoreland, dy't ûnder de Fjetnamoarloch lange tiid it befel oer de Amerikaanske troepen yn Súdeast-Aazje fierde, hie oan West Point studearre, en moderne âld-learlingen binne John Abizaid, Wesley Clark, Norman Schwarzkopf en David Petraeus.

Oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy wiene fierders twa Amerikaanske presidinten oplaat, nammentlik Ulysses S. Grant en Dwight Eisenhower. Ek Jefferson Davis, de iennichste presidint fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika, hie syn oplieding te West Point genoaten. Dêrnjonken hiene ek trije bûtenlânske steatshaden te West Point studearre: José María Figueres, presdint fan Kosta Rika; Fidel Ramos, presidint fan 'e Filipinen; en Anastasio Somoza Debayle, presidint fan Nikaragûa. Fierders hawwe 75 fan 'e âld-kadetten de Medal of Honor wûn, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.


Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!