It Amelânhûs of Camminghahûs wie in state oan de Foarstreek yn Ljouwert. Fan de âlde stins is neat werom te finen. Der stiet no moderne nijbou, en is net tagonklik.
14e iuw
Al yn de 14e iuw moat hjir in stins stien hawwe, it Camminghahûs, letter meast Amelânhûs neamd, omdat de eigeners ek Frij- en Erfhear fan It Amelân wienen. It trije ferdjippings hege fjouwerkante, griis beplastere, hûs hie in rige wapenskylden op de kroanlist. It waard yn of foar de 14e iuw sette litten troch de Cammingha’s. It stie op de hoeke fan de rivierkes de Ie en de Flyt dy’t de ferbining foarmen fan it lytse havenstedsje Ljouwert mei it achterlân. Hjirwei koe alle ferkear en ferfier fan en nei de stêd kontrolearre en behearske wurde. It hûs lei yn in grutte hôf tusken de hjoeddeiske Foarstreek, it Hoeksterpaad, de Bleekleane, Oostersingel, Piet Heinstrjitte, Flyt en Tunen. De stedsgrêft is letter troch dizze hôf hinne groeven.
15e iuw
Gerrit Cammingha is yn 1399 de earste dy’t by dit hûs neamd wurdt as de greve fan Hollân him beliend mei de ‘stêd’ en wide omkriten. It wie in fermogend man, sawat it hiele noardeastlike diel fan de hjoeddeiske stêd Ljouwert is op syn grûn boud, fan It Flyt oant de Dokkumer Ie. De noardwestlike wyk hjit dêrom no Camminghabuorren In bytsje eastlik fan it stee dêr’t Camminghaburch stie, is no it fuotbalstadion fan Cambuur.
Geandewei ûntstie der in buert oan de rânen fan de Amelânhof. Earst oan de Ie (Foarstreek), mei in soad ambachtslju. Tichtby de hannelsstêd en haven, mar net oanslein foar de swiere belestings fan dyselde stêd. Sa blykt út in ferdrach dat Pieter Cammingha yn 1435 sluet om de doarpen Aldehou, Nijehou (Ald-Ljouwert) en Hoek (de buert om syn Amelânhûs) gear te foegjen ta ien stêd. Pas neidat er twongen wie (hy hie earst wol soarge dat er in soad sizzenskip krige) tekene er it ferdrach.
Yn 1450 dûkt de namme Ritske Jelmera op. Yn dat jier lit hy it eilân It Amelân en it ‘Amelânhûs’nei oan syn pakesizzers Romcke, Keimpe en Haye Jelmera, dy’t har dêrnei ek Heeringa en Cammingha neamden.
Haye liet yn 1466 it hûs, dat doe Heeringahûs neamd waard, fersterkje mei in "Bolwirck mit balsteen"; in stins dus. Doe’t dizze Haye yn 1486 stoar, erfde de âldste soan út in earder houlik fan syn frou, Piter Sickes Cammingha (in echte Cammingha dus) ûndermear It Amelân en it Amelânhûs.
Piter hat in grutte rol spile yn it Bieroproer fan 1487, wêrby’t Ljouwert troch sawat 8.000 Skieringers plondere waard en der in soad deaden foelen. Reden fan it oproer wie dat de stêd eltsenien binnen de poarten ferplichtsje woe allinnich it (minne) pleatslike bier te drinken, broud mei it brakke wetter dat doe noch út de putten kaam.
16e iuw
Piter syn jongste soan Haye fan Cammingha erfde in 1521 it Amelâhnûs en 20 jier letter ek it eilân It Amelân fan syn broer Wytze. Doe’t Haye yn 1558 troch Feije Houwerda fan Meckema fermoarde waard, hie hy blykber gjin bern, want syn besittingen waarden erfd troch Piter fan Cammingha, in soan fan syn broer Sicke.
Dizze tredde Piter, troud mei Franske fan Minnema, wie lid fan it Ferbûn fan de Eallju tsjin Spanje en moast dêrom it lân út flechte. Foardat er gie skonk er lykwols syn besittings oan syn bern, wêrby’t syn jongste soan Frans it Amelânhûs krige. Syn grutte besittings koenen troch dy transaksjes net troch de Spanjerts ûnteigene wurde.
17e iuw
Watze fan Cammingha, soan fan Frans, folge him op as eigener fan it hûs en erfde letter ek It Amelân fan syn neven Pieter en Wytze, ûnder betingst dat hy hjirfoar 50.000 goudgûnen oan de widdo fan Wytze betelje soe. By syn dea liet hy alles nei oan syn frou Rixt fan Donia. Harren soan Frans Duco fan Cammingha folge syn heit op as Frij- en Erfhear fan It Amelân. Dizze Frans Duco liet it âlde en troch de tiid oanfretten hûs ôfbrekke en yn 1678 in hiel nij hûs bouwe. Op it nije hûs waard yn de midden op de gevel in stien ynmitsele mei de wapens fan Cammingha, Heeringa, Jelmera en Unia. (Dizze stien is yn 1795 by de perioade fan ‘frijheid, gelykheid en bruorskip’ weibrutsen.)
Op de kroanlist waarden de 32 ‘kertierwapens’ fan syn foarâlden oanbrocht. Hy stoar sûnder bern yn 1680 en liet syn besit nei oan syn mem, dy’t him lykwols mar koart oerlibbe. Alle besittings foelen dêrnei ta oan de bern fan Georg Wilco en Georg Frederik thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg.
18e iuw
Dizze erfgenamten ferkochten yn 1691 harren oandeel yn it Amelânhûs foar 6.050 goudgûnen oan ien fan de mei-erfgenamten: Isabella Susanna barones thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg, better bekend as Grevinne Carlson troch har houlik mei de Sweedske prins Gustaf Carlson. Hja wie ûnmeugend ryk en de grutste grutgrûnbesitter fan Fryslân. Se wie ûnder oare ek eigenaresse fan Grut Terherne yn Bitgum en Hemmema/Osinga State tichtby Bitgum. Se hat in soad feroare oan it hûs yn 1691 en 1715. Yn har testamint fan 1718 fermakke hja ûnder oare it Amelânhûs oan har neef Georg Wolfgang thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg, mei de betingst dat dizze besittings altyd op de âldste oan oergean soene.
19e iuw
Hjirtroch kaam it hûs earst oan Georg Frederik (II) baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg, ferneamd steatsman en auteur fan it Frysk Sjarterboek; doe oan Georg Wolfgang Carel Duco I (yn 1783), grytman fan Menameradiel; dêrnei yn 1808 oan Georg Frederik III (in 1808), ek grytman fan Menameradiel dy’t it hûs ferbouwe en beplasterje liet en as lêste manlike eigener fan dit geslacht Georg Wolfgang Carel Duco II, dy’t it hûs yn 1869 noch útwreidzje liet en wêrby’t it foarpleintsje folboud waard en der oan dy kant allinnich in smel strjitsje oerbleau nei de efterdoar ta. Dizze lêste sil grif it Amelânhûs oan Tjepke Gratama ferkocht hawwe, dy’t om de iuwikseling mei syn broer/bruorren yn it hûs wenne.
Hospitaal en Aldereinhûs
Op 16 novimber 1904 waard it hûs publyklik ferkocht oan Juliana Agatha Jacoba barones thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg, in omkesizzer fan de lêste eigener út dy famylje. Se betelle f. 24.903,- foar it grutte hûs mei de efterlizzende tún.
De hear Jacob Hepkema skreau de oare deis yn syn Nieuwsblad voor Friesland ûnder oare dat, de reputaasje fan dizze Roomske dame en har ferstoarne man kennende, it hûs wol in gesticht, hospitaal of pastorije wurde soe. Dy foarsizzing kaam út, want nei in flinke ferbouwing waard yn maart 1906 it Amelandhûs omdoopt yn ‘Sint Bonifatius Hospitaal’, plak biedend oan 60 pasjinten. Yn 1913 waarden der, ek op kosten fan Juliana, 10 sikekeamers foar klasse-pasjinten byboud. Yn ien fan dizze keamers is de baronesse op 11 juny1914 ferstoarn.
Op 27 en 28 maaie1935 ferhuzen de susters mei harren 62 pasjinten nei in nij gebou oan de P.J. Troelstrawei om plak te meitsjes foar de bejierren dy’t yn it ta ‘Sint Jozef Pension’ omdoopte hûs kamen yn 1937. Ek foar harren waard de romte te krap en yn desimber 1979 gienen sy nei in nij gebou. Sûnttiids hat it hûs jierrenlang leech stien.
Hoewol’t de gemeente Ljouwert it hûs graach keapje wold hie foar in reedlik bedrach, waard it ferkocht oan in spekulant dy’t krekt wat mear jild biede. Nei inkele kearen fan hân nei hân gien te wêzen, waard it eigendom fan Beerends Beheer B.V. te Amsterdam. Dit bedriuw wie ûnder oare ek eigener fan it beruchte kraakpân "De Grote Keijser" yn Amsterdam. Dêr’t men doe al bang foar wie barde letter ek: wylst in oannimmer noch mei sloopwurk dwaande wie om it pân "te rehabilitearen" baarnde it ta de grûn of, it soe oanstutsen wêze troch "baldadige jeugd".
Nei it oprêden fan it pún hat de archeologyske tsjinst dêr noch ûndersyk dien, wêrby’t de fûneminten fan de âlde stins foar it ljocht kamen.
Bewenners
1399 Gerrit Cammingha, Frij- en Erfhear fan It Amelân
1435 Pieter Cammingha, Frij- en Erfhear fan It Amelân
1466 Haye Jelmera, Frij- en Erfhear fan It Amelân
1486 Pieter Sickes fan Cammingha, Frij- en Erfhear fan It Amelân
1521 Haye Pieters fan Cammingha, waard yn 1541 Frij- en Erfhear fan It Amelân
1558 Pieter Sickes fan Cammingha, Frij- en Erfhear fan It Amelân
Frans Pieters van Cammingha
Watze Franses van Cammingha, Frij- en Erfhear fan It Amelân
Rixt fan Donia, widdo Watze fan Cammingha
1676-1680 Frans Duco van Cammingha, Frij- en Erfhear fan It Amelân
1680-1691 fam. Thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
1691-1718 Isabella Susanna barones thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg (Grevinne Carlson)
1718 Georg Wolfgang thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
Georg Frederik II baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
1783 Georg Wolfgang Carel Duco I baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
1808 Georg Frederik (III) baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
Georg Wolfgang Carel Duco II baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
Tjepke Gratama
1904 Juliana Agatha Jacoba barones thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg