It grutte kompleks waard nei de ferovering fan it Keninkryk Granada yn 1492 troch de Reyes Católicos as in tige wichtige bút sjoen. Harren pake- en beppesizzer Karel V woe as ferjilding fan it Belis fan Wenen Granada mei it Alhambra de haadstêd fan it Habsburchske Ryk meitsje en liet dêrfoar midden yn it Alhambra begjinne mei de oalis fan in paleis, wêrfoar in part fan it Alhambra ôfbrutsen waard. Syn frou soarge der foar dat wat der no noch stiet, bewarre bleaun is.
Troch de fyn-útfierde Islamityske keunst en de tige grutte wearde fan de keunstskatten is it in populêre trekpleister wurden foar keunststudinten yn Jeropa. Binnenyn binne moaie dekoraasjes dy't taskreaun wurde oan Yusuf I. In protte keunstskatten fan it Alhambra binne restaurearre en sa in goed foarbyld fan Moarske keunst op it Jeropeeske fêstelân.
Wa't nei it Alhambra ta wol, moat wol goed rekken hâlde mei de kwota dy't de UNESCO steld hat kwa tal fan besikers. Op in dei mei mar in fêst tal fan besikers it Alhambra yn, dat wa't der op 'e bonnefooi hinne gean wol, rint in grut risiko om net talitten te wurden, en foarôf fêstlizze is ferstandich, Likegoed is der om it Alhambra hinne ek in soad te sjen, want de natoer en de omkriten en it bouwurk oan de bûtenkant binne op harsels al it besjen wurdich, mei útsjoch op de Sierra Nevada en de flakte fan Kordoba.
Yn de tunen fan it Alhambra stiet de Parador fan Granada. Fierders is der ek noch it Generalife.
It besjen wurdich binnen it Alhambra
It Mexuar. It is it âldste gedielte fan it Alhambra. Hjir ûntfongen de keningen fan it keninkryk Granada harren ûndergeskikten, en waard oer de saaklike oangelegenheden beslist.
Palacio de Camores. It is it paleis fan de sultan, en is boud om de Patio de los Arrayanes
Palacio de los Leones (of de Liuwenhôf). Mei de bou hjirfan waard begûn yn 1377 ûnder Mohammed V. Yn de midden leit de Patio mei middenyn in mânske moarmeren fontein dy't troch tolve liuwen droegen wurdt. De patio leit mids de 124 pylders fan it paleis.
de ferskate Salas:
Sala de los Abencerrajes
Sala de los Reyes
Sala de los Ajimeces
Sala de las dos Hermanas
Yn de Mirador de Daraxa wenne de harem fan de sultan.
Los baños
It Partal mei de fiver
It Paleis fan Karel V. De bou hjirfan begûn yn 1527, as ferjilding op it Belis fan Wenen troch de moslims. It is in ymmins fjouwerkant Renêssânse-paleis mei yn de midden in grut rûn binnenplak.
De Puerto del Vino (de wynpoarte), wêryn in plakette sit oer Claude Debussy dy't in stik skreaun hat mei dizze titel.
De ferskate tuorren :
Torre de Mohammed
Torre de Machuca
Torre de Comares
Torre de las Damas (toer fan de Hofdames)
Torre de Mihrab
Torre del Cadí
Torre de los Picos
Toer fan Cabo de la Carrera
Toer fan Juan de Arce
Toer fan Baltazar de la Cruz
Torre de los Siete Suelos (toer fan de Sân Flierren)