Van der Heide waard faak frege him kandidaat te stellen foar in ferkiesbere SDAP-funksje, mar hy keas derfoar om predikant te bliuwen yn ferskate lytse en earme gemeentes yn Fryslân. Pas yn 1925 liet hy him oerhelje, en fan dat jier oant 1937 wie hy lid fan de Twadde Keamer. Hy sette him ta wenjen yn Voorburg en sette him polityk yn foar it troch de ekonomyske krisis troffen Drinte, foar it finzeniswêzen en de drankbestriding. Hy wie sterk belutsen by de finzenen yn de Scheveningske finzenis en waard er ek regint. Yn 1936 sette hy him yn foar de falsk fan homoseksueel kontakt mei in minderjierrige beskuldige tesaurier-generaal fan it Ministearje fan FinansjenL.A. Ries, mei wa't hy befreone rekke.[2] Net allinnich foel hy de ministers fan Finansjen en Justysje dêroer oan, ek die hy de saak-Ries út de doeken yn in tsjokke brosjuere, De zaak tegen Mr. L. A. Ries, thesaurier-generaal bij het Departement van Financiën. Eenige beschouwingen en kritische opmerkingen (1936, trije printingen).
Yn 1944 ferstoar Van der Heides jongste dochter Hermien oan gefolgen fan oarlogshannelingen. Dêrtroch psychysk brutsen brocht hy syn lêste jierren troch yn de ynrjochting Ald Rozenburg yn Loosduinen.
Yn 2011 promovearre Anne-Marie de Harder op in biografy oer Albert van der Heide. [3]
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
↑Gegevens foar it meastepart oernomd út it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland, Albert van der Heide
↑'Wij van het verloren ras'. Briefwikseling tusken mr L.A. Ries en mr H.J. Bouman. Eigen behear, 2009
↑Anne-Marie de Harder, Albertinus van der Heide (1872-1953). Rode dominee tussen pastoraat en parlement. Kampen, Kok, 2011
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!