Akwadukt Langdeel

Akwadukt Langdeel
Wetter yn it Akwadukt Langdeel.

It Akwadukt Langdeel is in akwadukt yn it kanaal Langdeel oer de N31 (de Wâldwei) hinne. It akwadukt leit súdlik fan Ljouwert by de Suderbuorren. It kanaal Langdeel is foar de bou fan it akwadukt in stikje nei it westen omlein. It akwadukt waard op 27 july 2007 foar it wetterferkear iepene.

De bou fan it akwadukt begûn yn 2004 en duorre oant en mei 2008. De bou waard dien troch de Boukombinaasje Wâldwei, dizze sil ek it ûnderhâld oan it akwadukt oant en mei 2022 dwaan.

It akwadukt makket ûnderdiel út fan de Steande Mêstrûte fan de Iselmar nei de Waadsee. De beropsfeart kin net gebrúkmeitsje fan it akwadukt, dizze moat ûnder de Foanejachtbrêge troch. Yn oktober 2007 is it akwadukt mei twa kear twa rydbanen iepensteld foar it autoferkear.

Keppeling om utens

Boukombinaasje Wâldwei

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!