De Afrikaanske swarte ein (Anas sparsa) is in fûgel út de famyljeeinfûgels (Anatidae). Thomas Eyton publisearre yn 1838 foar de earst kear de wittenskiplike namme fan it skaai.
Beskriuwing
De 48 oant 57 sm grutte ein hat in swart fearrekleed mei wite flekken op 'e rêch. It mantsje is grutter as it wyfke, mar der binne fierder gjin ferskillen yn 'e kleur. De spegel op 'e wjuk is poarper-blau en fral te sjen as de ein fleant. De fûgels wurde somtiden mei gielsnaffeleinen ferwiksele.
It biotoop fan 'e fûgel bestiet deis út rivieren en beken en nachts út grut iepen wetter. De ein hâldt fan wetter yn it beboske heuvellân fan Afrika en ferstoppet syn fan gers en takjes makke nêst tichteby streamend wetter op 'e grûn.
De soarte komt yn Afrika foar en bestiet út twa ûndersoarten:
De Afrikaanske swarte ein is in skouwe fûgel mei in sterk territoariumgedrach. Meastentiids wurdt er yn lytse groepkes of pearkes sjoen. Se briede it hiele jier troch yn ferskillende gebieten. In lechsel bestiet út 4 oant 8 aaien en de aaien komme nei 30 dagen út. It wyfkes soarget foar de piken.
De Afrikaanske swarte ein is net sinnich en yt larven, wetterdierkes, plantaardich materiaal, sied, lytse fiskjes, slakken en krabben.
Fok
De Afrikaanske swart ein waard foar it earst yn 1914 út Natal yn Nederlân ynfierd en yn 1916 wie der foar it earst in slagge fok. Nei de jierren 1960 waard de fûgel populêrder as sierfûgel, mar wurdt dochs faker yn grutte dieretunen holden. By it hâlden fan 'e ein moat rekken holden wurde dat de fûgel gefoelich is foar kjeld.
Status
De ein stiet as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:African black duck