In aartsingel (fan it Grykske ἀρχάγγελος, archangelos, "haadingel", letterlik: "ingel fan 'e oarsprong") is in ingel fan 'e heechste rang. De term wurdt ornaris assosjearre mei de abrahamityske religyen, mar mytyske wêzens dy't tige sterk op aartsingels lykje, kinne fûn wurde yn ferskate oare godstsjinsten, lykas it soroästrisme.
Aartsingels yn 'e Bibel
Yn 'e Bibel komt it wurd 'aartsingel' mar twa kear foar, beide kearen yn it yn it Gryksk skreaune Nije Testamint. Yn 1 Tessalonikers 4:16 stiet: "De Hear sels sil ommers, by it klinken fan it befel, by it lûd fan in aartsingel en by it sketterjen fan Gods trompet, delkomme fan 'e himel en dy't yn Kristus stoarn binne, sille earst út 'e dea ferrize." En yn Judas 1:9 stiet: "Mar doe't Michael, de aartsingel, mei de duvel stried en iggewearre om it lyk fan Moazes doarst er dy net mei lasterjende wurden te feroardieljen, nee, hy sei: 'De Hear mei dy bestraffe.' " Yn it Alde Testamint is de oare mar korrespondearjende oantsjutting yn it Hebriuwsk ek te finen op twa plakken. Yn Daniël 10:13 stiet: "De foarst út it keninkryk Perzje stie ienentweintich dagen foar my oer. Mar sjoch: Michael, ien fan 'e foarnaamste foarsten, kaam om my te helpen." En yn Daniël 12:1 stiet: "Yn dy tiid sil Michael, de grutte foarst, him oppenearje [...]".
Tal en nammen
Hoefolle aartsingels oft der krekt binne en hoe't hja hjitte is ûnderwerp fan strideraasje.
Gabriël wurdt sjoen as de wichtichste boadskipper fan God en komt ek sawol yn it Alde as it Nije Testamint foar, hoewol't er nea mei safolle wurden oantsjut wurdt as in aartsingel. It joadske apokrife boek Henoch neamt fierders de ingel Metatron as aartsingel, mar dy wurdt troch lang net alle joadske streamings as sadanich akseptearre.
Uriël wurdt neamd yn it apokrife boek 4 Ezra, dat yn 'e Midsiuwen yn it Westen in skoft populêr wie. Om't it lykwols nea diel útmakke hat fan 'e kristlike kanon, genietet Uriël yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke gjin offisjele erkenning.
De tradysje fan 'e Eastersk-Otterdokse Tsjerke hat it oer "tûzenen aartsingels", mar der wurde yn dy tsjerken mar sân by namme fereare. Dat binne:
Ferskate restorative protestantske denominaasjes hâlde der ôfwikende stânpunten oer aartsingels op nei. De sânde-deisadvintisten leauwe dat sawol de namme 'Michael' as de term 'aartsingel' in titel is fan Jezus Kristus. Dy ferwiist neffens harren lykwols inkeld nei syn funksje as oanfierder fan 'e ingels en seit neat oer syn natuer, dy't folslein godlik wêze soe. De Jehova's tsjûgen leauwe ek dat 'Michael' in oare namme is foar Jezus. De mormoanen fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen leauwe dat der mar ien aartsingel is, Michael, dy't oarspronklik de earste minske wie, Adam.