A Walk in the Woods (film)

A Walk in the Woods
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ken Kwapis
produsint Robert Redford
Bill Holderman
Chip Diggins
senario Rick Kerb
Bill Holderman
basearre op it boek fan Bill Bryson
kamerarezjy John Bailey
muzyk Nathan Larson
filmstudio Route One Films
Wildwood Enterprises
distribúsje Broad Green Pictures
spilers
haadrollen Robert Redford
Nick Nolte
byrollen Emma Thompson
Kirsten Schaal
Mary Steenburgen
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2 septimber 2015
foarm langspylfilm
sjenre biografysk komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $8 miljoen
opbringst $36 miljoen

A Walk in the Woods is in Amerikaanske biografyske komeedzjedramafilm út 2015 ûnder rezjy fan Ken Kwapis, mei yn 'e haadrollen Robert Redford en Nick Nolte. It is in ferfilming fan it autobiografyske non-fiksjeboek mei deselde namme fan Bill Bryson. De titel betsjut: "In Kuier troch de Bosk". It ferhaal giet oer reisferhaleskriuwer Bill Bryson, dy't it him, as er op jierren is, yn 'e holle hellet om it 3.500 km lange Appalachian Trail-kuierpaad te berinnen. In âlde maat fan sines biedt himsels oan om mei. Bryson syn frou is op it idee tsjin, en net sûnder reden, sa blykt letter. A Walk in the Wood krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar waard yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

Plot

Nei't er tsien jier yn Ingelân wenne hat, is de súksesfolle Amerikaanske reisferhaleskriuwer Bill Bryson tweintich jier lyn mei syn húshâlding nei de Amerikaanske steat Nij-Hampshire ferfearn. Sûnt wennet er dêr freedsum en no is er yn 'e sechstich en syn Ingelske frou Catherine yn 'e fyftich. De bern binne út 'e hûs en hawwe harren pake- en beppesizzers jûn. De lêste fjouwer jier hat Bryson gjin nije boeken mear skreaun, en as er in hilarysk ferrinnend fraachpetear op 'e tillefyzje jout ta gelegenheid fan 'e werútjefte fan guon fan syn eardere wurken, wurdt dêr troch de ynterviewer de oandacht op fêstige. Him wurdt ek frege wêrom't er eins altyd reisferhalen skriuwt dy't om utens plakfine en nea yn 'e Feriene Steaten sels.

Neitiid bliuwt dat Bryson dwerssitten. Hy beseft dat er in protte fan 'e wrâld sjoen hat, mar net fan syn eigen lân. Nei't Catherine him meisleept hat nei in begraffenis fan kunde dat neffens himsels wol mei in kaartsje ôfkinnen hie, giet er yn 'e neite fan harren hûs foar in kuier. Dêrby krúst er it Appalachian Trail, in kuierpaad fan 3.500 km lang dat de rin fan it Appalachenberchtme folget fan Georgia oant yn 'e Kanadeeske Kustprovinsjes. Dat jout him it idee om 'e hiele lingte fan it kuierpaad ôf te lizzen.

As Bryson syn plan oan Catherine foarleit, besiket dy der it near op te lizzen. Se giet op it ynternet en printet foar him in hiele steapel krante-artikels út oer lju dy't op it Appalachian Trail omkommen binne troch in hertoanfal doe't der nimmen wie om har te helpen, troch ûngemakken, troch oanfallen fan bearen en sels troch moard. Bryson hâldt lykwols hoek, dat úteinlik leit Catherine har derby del, op it betingst dat er net allinne op 'en paad giet. Bryson seit ta dat er in freon of goekunde fine sil om mei him te gean en dat er, as dat net slagget, thúsbliuwe sil. Dat, hy skillet eltsenien op dy't er ken, mar allegear miene se dat er in grapke makket of ferklearje se him foar gek. Uteinlik wurdt er sels opskille troch Stephen Katz, in âlde freon mei wa't er opgroeid is yn Iowa en syn earste reizen troch Jeropa makke hat. Hja hawwe al yn tsientallen jierren gjin kontakt mear hân. Katz hat fia-fia heard fan Bryson syn plan en biedt oan om mei. Bryson grypt dat oanbod mei beide hannen oan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As de Bryson en Catherine him yn Nij-Hampshire fan it fleanfjild helje, blykt de grouwe Katz lang net sa fit te wêzen as er oan 'e tillefoan úthold. Ek rint er net sa bêst, neffens himsels om't er in knibbel fan titanium hat en lêst fan 'e oare. Hy wiuwt lykwols al Bryson syn soargen fuort. Catherine fynt dat it raast oan 'e protters dat in pear krebintige âlde mantsjes in kuiertocht fan tûzenen kilometers meitsje wolle, mar se leit har derby del. Ut Nij-Hampshire wei reizgje Bryson en Katz tegearre mei it fleantúch nei it begjin fan it Appalachian Trail ta, yn Georgia, dêr't se mei frisse moed úteinsette.

As se nei fiifhûndert meter al útpûste moatte en ynhelle wurde troch ferskate groepen fittere kuierders, ûnder wa in groep beukers mei begelieding, krije se foar it ferstân dat wat se dwaan wolle faaks noch net iens sa maklik is. Se sette lykwols troch. Oan 'e ein fan 'e earste dei is Katz sa te'nein dat er gjin iten hoecht, mar inkeld delploffe wol om te sliepen. Koart nei't se oan 'e tocht begûn binne, wurde de beide mannen ynhelle troch in froulike kuierster allinne, Mary Ellen, dy't har oanpast oan harren kuiertempo. Sy is ien dy't alles, mar dan ek alles better wit, oan 'e stjerrebylden fan 'e beide mannen ta. Oerdeis eamelet se oan ien wei troch, suver sûnder dat de mannen der in wurd tusken krije kinne en har praat giet allegear oer oare lju en hoe dom oft dy binne yn ferhâlding ta har. Oer nimmen har se wat goeds te sizzen. Nachts hâldt se de mannen út 'e sliep troch (falsk) te sjongen.

Binnen in pear dagen beseffe Bryson en Katz dat se fan har ôf sjen moatte te kommen om't se oars net foar harsels ynstean kinne. Dat, op in moarn wurde se mei sin ier wekker en risselwearje stilwei om fuort. Tsjin 'e tiid dat Mary Ellen út har tinte komt, binne de beide mannen ree. Se naaie út wylst sy de bosk yngiet om nei it húske en se binne der wis fan dat se har mei dy foarsprong net wer weromsjen sille. It docht lykwols bliken dat Mary Ellen har sûnder muoite wer byhelje kin. As de mannen dat gewaarwurde, nimme se har taflecht ta in oar plan en ferskûlje se har ûnder in leech klif oan 'e râne fan it paad oant Mary Ellen dêr foarbykommen is. Dan slane se gau-gau it paad werom yn en witte troch de wyldernis hinne in autowei te berikken. Dêr krije se in lift nei in weirestaurant fan in jong dronken pearke wêrfan't it fanke har frijer, dy't efter it stjoer sit, orale seks jout wylst de beide mannen op 'e efterbank sitte te mimerjen hoe moai oft it wêze soe om wer tritich of sels fyftich te wêzen.

Nei't se op dy wize fan 'e wiisbauwerige Mary Ellen ferlost binne, sette Bryson en Katz wer fierder oer it kuierpaad. Se helje oantinkens op oer harren reizen troch Jeropa doe't se noch jong wiene en de seksuele eksploaten mei kreaze en net sa kreaze froulju dy't dêrmei mank giene. Se fertelle inoar oer it libben dat se sûnt laat hawwe. Bryson komt op 't aljemint oer hoe't er Catherine met hat, mei har troud is en him yn Ingelân nei wenjen set hat, oer syn bern en syn pakesizzers. Katz, dy't nea troud is en gjin bern hat ynsafier't er wit, fertelt dat er de helte fan syn libben efter de drank en de froulju oan sitten hat en dat er de oare helte fan syn libben fergriemd hat. Hy is alkoholist wurden, mar sûnt er mei syn auto oer de kop slein is op in rjocht stik snelwei, is er fan 'e drank ôf.

Nei mear as oardel moanne rûn te hawwen, komme Bryson en Katz yn in plak dêr't se keamers yn it pleatslike motel nimme. De eigneresse, Jeannie, flirtet mei Bryson en sjocht him dúdlik wol sitten, mar hy is in lokkich troude man, dat hy giet dêr net op yn. Underwilens moetet Katz yn 'e pleatslike wasserette in obees frommes dêr't er daliks mei op bêd rekket. It docht lykwols bliken dat hja in jaloerske man hat, dy't mei in honkbalkneppel efter him oan komt. Bryson en Katz moatte halje-trawalje harren motelkeamers ûntflechtsje troch de finsters oan 'e efterkant fan it gebou.

Letter berikke se op in dei dat it reint dat it miicht in hutte oan it kuierpaad dêr't se skûlje. Yn 'e wand is in lânkaart fan 'e eastlik Feriene Steaten ynkurven mei it Appalachian Trail oanjûn. In stjer jout harren posysje wer. It docht bliken dat se nei goed trije moannen rinnen noch mar krekt oer de helte binne. Katz hat syn nocht en stelt foar om 'e rest fan 'e tocht yn 'e auto te foltôgjen. Bryson jout him gelyk, mar wylst Katz yn it earstfolgjende gruttere plak by in garaazje ûnderhannelet oer de oanskaf fan in SUV, betinkt Bryson him wer. Nei't de beide mannen dêr wurden oer krigen hawwe, jout Katz syn ferset úteinlik op en geane se wer fierder.

Se bejouwe har dan op in diel fan it paad dêr't in warskôgingsboerd fan oanjout dat it "inkeld foar kuierders mei ûnderfining" is. Wylst se al pratendewei mei harren swiere en bombidige rêchsekken om oer in smel rinpaad geane mei oan 'e iene kant in rotswand dy't steil omheech giet en oan 'e oare kant in klif dat like steil omleech giet, ferliest Bryson syn lykwicht en tommelet by it klif del, wêrby't er Katz meiskuort. De beide mannen bedarje op in smelle richel, in meter of trije, fjouwer ûnder it rinpaad, dy't breed genôch is dat se der noflik sitte kinne, mar dêr't se net wer wei komme kinne. Se binne twongen dêr de rest fan 'e dei en in hiele nacht troch te bringen, oant se de oare moarns wekker wurde fan it leven fan oare kuierders dy't foarbykomme oer it paad boppe harren. Troch om help te roppen, witte se de oandacht fan in pear gewante jongemannen te lûken, dy't harren út har benearjende posysje befrije.

Nei dat op in hier nei ferkeard ôfrûne aventoer fynt Bryson ek dat it moai west hat. Hy en Katz kuierje nei it earstfolgjende plak, dêr't se ferfier nei hûs regelje. Katz keart werom nei syn wenplak Des Moines, dêr't er noch moai op 'e tiid hopet te arrivearjen foar de steatsmerke. Bryson giet nei syn hûs yn Nij-Hampshire, dêr't Catherine alhiel feringele is as er sûnder oankundiging foarôf ynienen it túnpaad oprinnen komt. Op syn buro treft Bryson alle oan him rjochte post oan dy't de ôfrûne moannen kommen is, in flinke steapel. Dêrtuskenyn ûntdekt er ta syn ferheardens in hiele rige ansichtkaarten dy't Katz sûnder dat hy der wat fan murken hat, geandewei harren reis oan him skreaun en ferstjoerd hat. De lêste, mei foto's fan 'e steatsmerke fan Iowa derop, befettet de yn merkstift skreaune tekst: "En no?" Bryson giet efter syn kompjûter sitten, iepenet in nij dokumint yn syn tekstferwurkingsprogramma, en typt: "A WALK IN THE WOODS" as titel fan in nij boek.

Rolferdieling

Robert Redford.
Nick Nolte.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Bill Bryson Robert Redford
Stephen Katz Nick Nolte


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Catherine Bryson Emma Thompson
Mary Ellen Kirsten Schaal
Jeannie Mary Steenburgen
Dave Nick Offerman
Donna Hayley Loft

Produksje en distribúsje

Produksje

As filmprojekt giet A Walk in the Woods tebek oant teminsten 2005, doe't Robert Redford foar it earst oankundige dat er it autobiografyske reisferhaal A Walk in the Woods fan Bill Bryson ferfilmje woe. Hy wie dêr nammentlik in grutte fan fan, en sei dêr sels oer dat er yn lange tiid net sa om in boek lake hie as doe't er dat lies. It projekt waard lykwols opholden trochdat Redford Paul Newman as tsjinspiler yn 'e rol fan Stephen Katz hawwe woe. Earst kaam dat Newman net út en doe ferstoar er frij hommels, wêrnei't Redford jierrenlang net mear fan in ferfilming fan it boek fan Bryson witte woe, om't er him nimmen oars as tsjinspiler foarstelle koe. Doe't er lykwols yn 2012 The Company You Keep regissearre, rekke er sa ûnder de yndruk fan it aktearjen fan Nick Nolte, dat er dy úteinlik frege foar de rol fan Katz.

Yn 'e lange preproduksjeperioade wiene op ferskate tiden ferskillende regisseurs by A Walk in the Woods belutsen, ûnder wa Chris Columbus, Barry Levinson en Larry Charles. Uteinlik wie it lykwols Ken Kwapis, bekend fan The Beautician and the Beast (1997) en He's Just Not That into You (2009), dy't de rezjy oer it projekt taparte krige. Hy wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Rick Kerb en Bill Holderman.

Redford sels wie behalven as haadrolspiler ek as produsint by de film belutsen, yn 'e mande mei Holderman en Chip Diggins, foar de filmstudio's Route One Films en Wildwood Enterprises. Der wie foar A Walk in the Woods in budget fan $8 miljoen beskikber, wat frij oansjenlik is foar in ûnôfhinklike film, mar de namme fan Redford stelde finansiers fansels gerêst. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Bailey, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nathan Larson. De opnamen foar de binnendoarsênes setten op 5 maaie 2014 útein yn Los Angeles. De bûtendoarsênes waarden foar it meastepart filme yn it Steatspark Amicalola Falls, by Dawsonville, yn 'e Amerikaanske steat Georgia.

Distribúsje

De distribúsje fan A Walk in the Woods waard fersoarge troch Broad Green Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 23 jannewaris op it Sundance Filmfestival yn Utah. Op 2 septimber 2015 iepene er yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Untfangst

A Walk in the Woods krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 165 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Al hoe ynnimlik A Walk in the Woods ek is, de film is minder meislepend as in roadmovie mei Robert Redford en Nick Nolte yn 'e haadrollen wêze moatte soe, en dêrom úteinlik wat te aldendeisk." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle A Walk in the Woods in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 30 resinsjes.

Resultaat

A Walk in the Woods brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid in opbringst fan $36 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $8 miljoen betsjut dat in winst fan $28 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!