A4 mjit 210 by 297 mm, oftewol 21,0 by 29,7 sm. De "4" tsjut derop dat A4 like grut is as in fel A0-papier dat fjouwer kear troch de helte dien is. A0 hat in oerflak fan persiis 1 m² en in lingte-breedteferhâlding fan √2:1. A4 hat dêrom in oerflak fan 1/2 × 1/2 × 1/2 × 1/2 = 1/16 m², mei deselde lingte-breedteferhâlding as A0. Ta ferliking: US Letter mjit 81/2 by 11 inch (21,59 by 27,94 sm). A3 is in papierformaat dat dûbel sa grut is as A4, wylst A5 in papierformaat is dat heal sa grut is as A4.
Massa
As de massa fan A4 net spesifyk oanjûn wurdt, kin men der oer it algemien fan útgean dat it giet om 80 grams papier. Dy oantsjutting is ôflaat fan 'e massa fan ien fel A0-papier. De eigentlike massa fan ien fel A4-papier is dus 80/16 = 5 g. Ek dûbeltsjûk A4-papier fan 160 g is rûnom yn kantoarboekhannels te krijen, mar oars as 80 grams A4, dat almeast yn pakken fan 500 fel ferkocht wurde, besteane pakken 160 grams A4 ornaris út 250 fellen. Dêrmei bliuwt it gewicht per pak dus gelyk.