De adel komt opnij yn opstân tsjin Karel de Ienfâldige en hy moat oer de Maas nei Lotaringen flechte. Robert wurdt kening fan Frankryk.
Karel de Ienfâldige lit in akte opmeitsje yn Pladella Villa, wêrin hy greve Durk "Hollant ende die kerck t'Egmonde met haren toebehoren" skinkt. Pladella Villa lei op it grûngebiet fan Bladel en Netersel, sadat hjir de widze fan it gewest Hollân stien hat.