Nei de dea fan Karel de Dikke begjint de lokale adel hieltiten mear it heft in hannen te nimmen. De swakte fan it Karolingysk gesach en it ûnfermogen om de boargerbefolking tsjin de Noarmannen te beskermjen spilet dêr in wichtige rol yn.
In Fransje soarget de dea fan Karel de Dikke foar in machtsfakuüm. De wettige opfolger Karel de Simpele is te jong en te swak en sa wurdt greve Odo fan Parys, sels gjin Karolinger, ta kening salve.
Boudewyn II, sels in pakesizzer fan Karel de Keale en dus al in Karolinger docht gjin war Odo it keningskip te betwisten, mar erkent him ek net. Ynstee dêrfan besiket hy syn gebiet as greve fan Flaanderen fierder út te wreidzjen.