Kreta dat krekt ferovere is troch de Byzantinen giet wer yn Arabyske hannen oer.
By de dea fan de Paus Gregorius IV is der in folksopstân yn Rome. It folk falt it Lateraanske paleis binnen en plondert it. In Jehannes wurdt op de troan setten, mar de aristokraten ferjeie him mei gewelt en ynstallearje Paus Sergius II.
Neidat in oanfal yn Astuerje ôfslein is falle Wytsingen Sevilla oan. De Moarske kening Adb-er-Rahman II wit lykwols in soad fan har finzen te nimmen en op te hingjen. Uteinlik wurde der kriichsfinzenen útwiksele.