Nominoë, de greve fan Fannes, wurdt as hartoch fan Bretanje keazen. Hy wurdt benammen sjoen as in geskikte lieder yn de striid tsjin de Wytsingen, dy't de kust ûnfeilich meitsje.
Harald Klak, dy't oanspraken makket op de troan fan Denemark lit him yn Ingelheim mei 400 folgelingen dope. Keizer Loadewyk belient him mei dielen fan de Fryske kust om dit bedrige gebiet better te befeiligjen en fet te krijen op de Deenske polityk.