Opnij rint in Frankysk besykjen om Bretanje te ûnderwerpen op neat út.
Karel de Grutte dy't wat let trochkrigen hat dat syn lânlegers foar in grut part meachteleas steane tsjinoar de Wytsingen, ynspektearret syn beskieden fleat yn Gint en Boulogne.
Hemming fan Denemark stjert nei in jier op de troan. Der ûntstiet in ûndúdlike situaasje. Syn twa opfolgers sneuvelje en de troan wurdt betwist troch de soannen fan syn omke Godfred dy't yn Sweden tahâlde.